De tocht fan 2013


Begjin 2013 kaam it idee foar it silen fan de alvestêdetocht foar it earst foarby. De nije noardlike rûte soe befaarber wêze en dat betsjutte dat no de folsleine âlvestêdetocht befaarber wêze soe. Sa waard it alteast sein. Nei't der genôch entûsjasme wie by in stikmannich freonen en bekenden die nei in earste rûteûndersyk bliken dat it stik Harns-Frjentsjer net befaarber wie. Der wiene hast 200 brêgen yn de rûte en der wie net ien heech genôch om mei de mêst oerrein te passearjen. Twa brêgen yn Warkum moasten foar ús draaie, de brêge fan Parregea moast iepen en yn Dokkum wiene ek noch twa brêgen te leech. Ek wiene der twa nije selsbetsjinningsslúskes opnaam yn de Noardlike rûte dy't der foar soargen dat it Bildt der net ûnder strûpte. As lêste die bliken dat der yn Snits in fêste brêge wie dêr't wy net ûndertroch koene en ek de Swettebrêge moast foar ús draaie. De brêgen fan Warkum, Parregea en Dokkum draaiden gewoan alle dagen mar de Swettebrêge yn Snits draaide allinnich troch de wike op oanfraach. Om de folsleine rûte sile te kinnen waard besletten yn Snits te starten by camping Pasveer. De haventsjinst fan Snits soe dan moarns om 6:30 de Swettebrêge foar ús iepenje. It moast dan fansels noch wol slachje om foar 20:00 yn Parregea te kommen.



Op freed 7 juny 2013 om 6:00 oere moarns wie de bemanning fan 5 polywikels klear foar de start. Heleen Sonnenberg fan de ferneamde Weduwe Joustra bearenburch joech mei in knûpert fan in wetterpystoal it startskot. Nei hûndert meter draaiden we de Swette op en giene loftsôf Snits yn. It waaide noch net sa hurd dat wy peddelden wat. By de Swettebrêge stiene de mannen fan de haventsjinst keurich mei de brêge iepen op ús te wachtsjen. Nei't wy de lêste Stuver passeart wiene moasten wy foar it earst in alternative rûte nimme. De keningsbrêge wie te leech dus giene wy loftsôf en dêrnei ûnder it lofter gat fan de Oppenhústerbrêge troch. Fia de stedsgrêft kamen wy foar de wetterpoarte wer op rûm wetter. Dêrnei koene wy rom sile nei Drylts. Dêr giene wy flot ûnder de brêge troch op nei Wâldsein. De Sleattemermar oer wie ek net al te dreech en sa kamen wy yn Sleat dêr't wy in rûntsje troch de binnenstêd meitsje moasten. Earst troch de gewoane brêge en dan by it kanon de bocht wer om om troch de grêft wer koers te setten nei de Sleattemermar. Op dat stuit wie der al in flink gat slein tusken de 5 boaten. Wylst wy de Sleattemermar op giene gie de earste boat de mar al wer hast ôf wylst de oare 3 noch nei Sleat moasten.



Doe kaam de Luts. It earste stikje oant Balk ta gie noch wol aardich. Dêrnei waard it gau minder. Op de stiennen wâl yn Balk koene wy de boat noch drukke mei de boom as lûke mei in ein tou mar nei't wy Balk útkame wiene der safolle beammen dat der neat oars mear mooglik wie as it hiele ein bome. De Luts wie krekt útdjippe en fan wâlbeskoeiïng foarsjoen. Dat makke de tocht al in stik ienfâldiger mar it bleau fansels in hiel ein bomen. Doe't wy nei de Wyldemerk de bocht om giene koe der wer immen oan it jeien. Net folle letter wiene wy út de lijte wei en koe der wer syld wurde. Doe't wy de Luts útkamen hiene wy oant Starum ta hast rjocht foar de wyn. In moai momintsje om efkes te relaxen nei al dat geboom. Yn Starum troffen wy de koprinner wer dy't dêr efkes stoppe wie foar in bakje sop. Wy hiene dat ûnderweis al regele mei ús kofferbranderke. Tegearre boomden wy troch it smelle sleatsje efter it stasjon del en sa kamen wy by de seedyk. Dit wie in wat ûndjipper stikje fan de rûte en it wie ek smel en net te besilen. Dat betsjutte dus wer oan it jeitou. Al gau wie de oare boat wer út it sicht en wy ha se dêrnei ek in moai skoft net wer sjoen. Letter die bliken dat hja de ôfslach nei Molkwar foarby fearn wiene. Wy mienden dus dat hja in hiel ein foar leine mar sy sieten noch altyd by de Seedyk. Rjochting Molkwar koene wy wer sile mar al gau moasten wy de bocht wer om rjochting Koudum. Dêr stiene nochal wat beammen oan de kant dy't te leech wiene om te passearjen. Om't wy lawearje moasten wie it dreech om dêr wei te kommen. It hiele ein ha wy wer oan it jeien west en dan binne al dy boeresleatsjes bêst fervelend.

Yn Hylpen giene wy ûnder de prachtige brechjes troch en dan flak foar de slûs rjochtsôf. In sleat dêr't je net fan tinke soene dat je der lâns koene mar it wie al earder dien dat wy besochten it ek mar. It gie op 'm sels wol prima mar fansels wie it grutste part tsjin de wyn yn. De tiid begûn no ek te dringen want om 20:00 wiene de brêgen fan Warkum en Parregea ticht en dat soe betsjutte dat wy dêr pas de oare moarns om 9:00 troch koene. Wy ha doe de brêgewipper fan Parregea efkes skille en mei him ôfpraten dat wy der oant 22:00 noch wol troch koene. De man wenne neist de brêge en hy wie net te beroerd om efkes in ekstra wipke te meitsjen. Doe't wy úteinlik yn Warkum oankamen wie it 5 minuten foar 20:00 en de Beginebrêge hie noch net dûbeld read. Dochs woe de brêgewipper ús der net mear troch litte omdat wy dan de Noarderbrêge net mear helje soene. Wy soene dan klem lizze tusken de twa brêgen. Wy ha der doe mar foar keazen om werom te gean en efter it molkfabryk del te silen. It wie noch altyd yn de wyn op mar der wie no wer wat mear romte om te lawearjen. Sa kaam Parregea hieltyd mear yn it sicht mar de brêgewipper hie yntusken ek al wer belle want it waard letter en letter. Uteinlik wiene wy by de brêge en doe die bliken dat de earste boat noch trochlitten wie mar dat it no al te let wie en dat de brêgewipper al op bêd lei. Wy hiene gjin tinte mei omdat wy de hiele nacht troch sile soene dat wy hawwe fan it grutseil in tinte makke en sa koene wy foar de brêge dochs noch in bytsje oernachtsje al wie it wol ferrekte kâld dy nacht. Wy ha doe de oare boaten efkes skille om te freegjen wat de status wie. It die doe bliken dat de earste boat al by de Galamadammen mei de punt yn de wâl sitten hie. Hja wiene mei flink wat skea werom nei Heech sleept. De oare beide boaten wiene noch al yn de race, ien bedarre efkes letter ek yn Parregea wylst de oare der foar keas om de nacht yn Warkum troch te bringen.



Omdat de earste boat wol troch de brêge fan Parregea kaam wie en hja dus in foarsprong fan 10 oeren op de oaren hiene wie it wedstrydelemint der wol in bytsje ôf. Om 9:00 kamen wy troch de brêge fan Parregea en setten ôf rjochting Boalsert. Fansels wie it noch altyd rjocht yn de wyn op mar wie besletten om it silend op te lossen. Yn Boalsert draaiden wy wer in bytsje de goede kant op en der koe no sa no en dan wer in stikje syld wurde. Wy ha noch efkes lekker yn in stik lân ús middeisiten nei binnen wurke en setten doe troch nei Harns. Fia de rûnsleat om Skettens kamen wy yn Wytmarsum wer troch prachtige smelle sleatten en brechjes en doe op nei Kimswert. Healwei Kimswert stiene der ynienen allegear minsken op in brêge, it die bliken dat it de âlden fan ien fan ús bemmanning wiene dy't ús folgen fia de gps. Hja fregen oft wy noch wat nedich hiene en wy rôpen dat in fiskje der wol yn gie. Yn Kimswert smieten hja in flinke pûde kibbeling oan board. Dat koe minder. Doe koene wy rjochting Harns. Nei't wy de N31 passeart wiene wie der in lange rjochte feart mei in soad lijte. Dochs giene wy noch altyd foarút. De reden dêrfan kamen wy letter te witten. Under de prachtige brêgen fan Harns troch kamen wy úteinlik neist de grutte Tsjerk Hiddesslûs út in smel sleatsje wei it kanaal op. Der stie noch al wat streaming en al gau die bliken wêrtroch't dat kaam. Hja wiene oan it spuien en de folsleine slûs rjochting de waadsee stie fol iepen. It wetter fleach mei gong rjochting Skylge en it skeelde hast neat as wy hiene Dokkum fia Lauwerseach besile moatten. Wy hiene gelokkich wer wat wyn al moast der fansels al wer lawearre wurde. Mar yn de koarte slach giene wy troch de streaming safier efterút dat wy der feitlik net folle mei opskeaten. Gelokkich koene wy 2 man op de wâl krije en dêr't op dat stuit gjin paadsje wie is dat der no faaks wol. Wy ha de boat in moai ein by de slûs wei lutsen en doe kaam der wer romte en koene wy wer sile. By de brêgen yn it Van Harinxmakanaal moast der flink peddele wurde om de boat mei de mêst plat troch de brêge te krijen mar it slagge gelokkich al. Doe moasten wy krekt foar de stasjonsbrêge in lyts sleatsje yn om sa om it sintrum fan Frjentsjer hinne te faren. Troch de sûgjende wurking fan it kanaal wie yn dizze sleat it wetter hast in heale meter sakke. Dat soarge der foar dat wy mei de kyl troch de tsjokke seeklaai moasten en dat wie in hiele toer omdat de boom ek hieltyd hingjen bleau. Doe't wy úteinlik efter it Sjûkelân bedarre wiene hiene guont sa harren nocht dat der besletten waard om de boat mar wer oan de wâl te lizzen en te wachtsjen op wetter.



Nei de kâlde nacht hiene wy net folle nocht om jitris de nacht troch te bringen op it kâlde polyesther dat wie namen de trein nei Hurdegaryp en wy ha in goed miel, in waarme brûs en in noflik bêd hân by ien fan de bemmanningsleden thús. De oare deis brocht syn frou ús al om 5:00 wer yn Frjentsjer. De boat lei der gelokkich noch en it wetter wie der ek wer. No koene wy wer troch rjochting de nije Noardlike alvestêderûte. Fansels wie ek dit earste stik wer lekker yn de wyn op en te smel om te lawearjen. Wy lutsen de boat dan ek wer in bêst ein en sa kamen wy by de nije Wiersterslûs oan. Dêr koene wy mei twa drukken op de knop efkes ta rêst komme. Op de blikfeart koe suver wer in bytsje syld wurde en pas doe't wy wer wat hegerop moasten rjochting Alde Leie mochten wy wer oan it tou. Nei opnij in slúske en twa drukken op de knop koene wy no oant Bartlehiem ta skraal silend in hiel ein komme. No wie al sûnt Frjentsjer it wurd Dokkum in hyt hingiizer. Guon bemmaningsleden woene perfoarst nei Dokkum en oaren woene perfoarst op tiid thús wêze. Doe't wy om goed 13:00 by Bartlehiem wiene lutsen de Dokkumfaarders oan it koartste ein. Dokkum wie fansels wer rjocht yn de wyn op. Wy besleaten dan ek mar om rjochtsôf foar de wyn nei Ljouwert te silen. Fan doe ôf wie de tocht in stik ienfâldiger. Oant Ljouwert ta hiene wy op in pear boskjes nei de gong der aardich yn. Yn Ljouwert krigen wy noch in opstapper út de boat dy't by de Galamadammen crasht wie en sa giene wy mei ús fiven dwers troch de Prinsetún fia de smelle brêgen dêr't men mei akwadukten dwaande wie nei de Swette. Ek de Swette wie moai foar de wyn dat wy krigen no in bêste gong en sa bedarren wy úteinlik wer by Snits by de camping Pasveer dêr't it avontoer earder al begûn wie.

In goed oere nei ús kaam de lêste boat ek oan. It die bliken dat sawol de earste boat as de oare boat dy't noch yn de tocht siet by Frjentsjer oer it kanaal nei Ljouwert sylt wie en dus wie it foar fjouwer fan de fiif boaten in tsienstêdetocht en foar de útfaller in trijestêdetocht. Oar jier besykje wy it gewoan wer en dan mar hope op in bettere wynrjochting. Efternei besjoen wie it faaks praktysker west om de oare kant om te silen.




Steun KiKa in de strijd tegen kinderkanker Stichting Ramon scoort tegen kanker Voor iedereen die van de Friese natuur houdt In hardstikkene goed doel Recreatieschap Marrekrite Warkumer ierdewurk